Jan Wagenaar sterkste man fan Noard-Nederlān
Wolsum, Moandei 22 Maart 2010, 22:21 oereOan de titel "De sterkste man fan Noard-Nederlān" ōfrūne snein, yn de loads fan leanbedriuw Brandsma, dien 23 dielnimmers mei. Jan Wagenaar śt Skearnegoutum, wie foar de tredde kear op rige de sterkste.
Mei yn totaal 98,5 punten, wie hy de fiif leadswiere ūnderdielen terjochte de sterkste. It ūnderdiel mei de halter, mei autobannen fan 120 kilo, die der binnen in minśt acht kear. Jan wie al pleatst foar "De sterkste man fan Nederlān" yn july.
Twadde waard Arno Louwsma śt Boalsert mei 92,5 punten. Hy rūn mei gewichten fan 110 kilo yn elke hān 52 meter fier. Mei dit resultaat hat Arno him pleatst foar "De sterkste man fan Nederlān".
It tredde plak wie spannend, want ek dizze plak joech rjocht op pleatsing foar de "De sterkste man fan Nederlān". Uteinlik waard Johan Langhort śt Snits ferrassend tredde mei 91,5 punten. Johan tilde in stien fan 170 kilo op in platfoarm fan 1,20 heech, wat in persoanlik rekord is.
Fryslān wie dus goed fertsjinwurdige yn Wolsum, want der geane no trije Friezen troch nei "De sterkste man fan Nederlān". De organisaasje wie tige te sprekken oer in ferrin fan de wedstriden en mei de hūnderten besikers waard it in grut sukses.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















