Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

It komt min út (Kollum fan Jan Hibma)

Wommels, Sneon 13 Febrewaris 2010, 00:05 oere
It klimaat feroaret, mar no efkes net. It is mar in nuvere situaasje mei dizze ‘allochtoane’ winter. Ik hie mysels al hast tarieden op jeepsafari’s yn ‘e hitte troch de provinsje wêr’t je yn seldsumheid noch de ‘Grutte Fiif’ sjen kinne fan it Fryske lân; de swart-bûnte ko, it fryske hynder, de iel, de ljip en de skries.

Allegear mei útstjerren bedrige as keunstmjittich yn stân holden yn dêrfoar bestimde reservaten. Mar it pakt oars út..., it is kâld en der is yn de fierste fierte gjin spoar te fernimmen fan it opwaarmjen fan ‘e ierde. Hiel Europa is beferzen.

Ek yn Amerika is der op guon plakken yn in ieu tiid net safolle snie fallen as no. It falt likernôch ferkeard... wrâldpessimistyske minsken ferbite harren om’t hun leauwigens no wol tige oantaasten wurdt. De Doomsday Clock yn Chicago is al in minút tebek setten, mar neffens mei kinne der gerêst noch twa oeren ôf. De ierde waarmet op, mar no efkes net. Hoewol de rapporten allinne sprekke fan ranen ynstee fan friezen, wit ik net yn hoefiere kruiend iis ek jildt as stiging fan ‘e seespegel? Wat dat oanbelanget soene we ús al rap soargen meitsje moatte.

Om koste wat kost ruchtberens te jaan oan it ferhaal fan it opwaarmjen fan ‘e ierde kin der op’t stuit allinne noch nei Vancouver wizen wurde, wêr’t se te min snie hawwe. Dochs leauw ik grif dat Al Gore hjirefter sit wêrby’t syn minsken ‘s nachts mei gasbranders de hellingen ôfstrûpe. Mar hat de beste man ek rekken holden mei it lytse Fryslân wêr’t it potinsjeel gefaar foar syn leauwigens húzet?

Want at der ek mar wat wêze soe dat foargoed in ein makket oan alle wrâldske krityke lûden oer it opwaarmjen fan ‘e ierde dan is it wol de Alvestêdetocht. Alle arguminten wurde mei ien klap fan tafel reage en jierrenlange diskusjes wurde foargoed bedobbe as dit evenemint trochgang fynt. As soe hy ek hjir syn oanhangers al yn stelling brocht ha by de gemalen en op oare plakken lâns de route om syn hachje te rêden? Hoe dan ek, at it by immen op’t stuit al te waarm ûnder de fuorten wurdt, is hy it wol.


In bydrage fan: Jan Hibma Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt