Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

It Keppelfeest is grutsk begűn

Ljouwert, Snein 18 Septimber 2011, 13:33 oere
De hiele stęd Ljouwert hat preaun kinnen fan it Keppelfeest. De earste sechtich flaggen fan “it grutte flagjen foar taal projekt” binne ophongen yn Ljouwert. Wethâlder Henk Deinum hat de earste flagge oannommen en der mei swaaid op it bordes fan it Paleis fan Justysje. Foar’t dat barde kamen der sechtich flaggen út alle einen en kanten fan de stęd hjirhinne. Dy flaggedragers kamen út alle ferskate sechtich doarpen en stęden wei. Se swaaiden omraak mei de flaggen en wienen grutsk dat harren doarp of stęd fertsjintwurdige waard.

Binnen yn it Paleis fan Justysje siet it fol mei pommeranten en minsken dy’t warber binne foar it Frysk en syn streektalen. Sa wienen de Deputearren fan Fryslân oanwęzich Johannes Kramer en wethâlder út ferskillende gemeenten mar ek Geart Benedictus, earder Earste Keamer lid. Der wie ek romte foar minsken dy’t tafallich by it Paleis lâns rűnen. Se waarden binnen laat troch de Bildstars. In toanielselskip dat op in prachtige wize minsken neitinke lieten oer de rykdom fan taal en mooglikheden om te keppeljen. Minsken waarden entűsjast en sjoch ek eefkes binnen de doarren fan ’e rjochtseal.

Doe’t Jan Arendz en Marijke Geertsma de seal binen kamen waard it stil. Mar al gau koe elkenien bűten, de minsken laitsjen hearre. De twa toanielspilers, dy’t bekende akteurs binne yn Fryslân, hawwe treflik en skerpsinnich spile. It boadskip wie dat Kneppelfreed eat bűtenwenstichs west hat, tige betsjuttend mei in râne fan koartswyl. It is goed dat der doe guon minsken in kneppel op de kop krigen hawwe. Sűnder dy kneppels hie it lân foar de Fryske taal der oars útsjoen. Yn it stik kaam wol nei foarren dat no net alles samar klear is. Minsken hawwe de mooglikheid om Frysk te praten; no moatte se it fansels ek noch dwaan. Se moatte ferlied wurde om de eigen sprake brűke te kinnen. Dat is no krekt it motto fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Yn de rjochtseal hat Mr. J.S. van der Kolk, de presidint fan de rjochtbank fan Ljouwert, in lęzing hâlden. Dęrnei is der ‘keppele’ mei in hapke en drankje troch alle oanwęzigen. As alle oare aktiviteiten allyksa slagje as dizze middei, dan űnthjit dat wat foar alle oare aktiviteiten dy’t organisearre wurde yn dizze keppelperioade. Sjoch www.keppelje.nl foar mear ynformaasje oer wat kommen giet.


Gerelateerde artikelen
Flagje foar de taal - it is “Keppelfeest”!
60 jier Kneppelfreed


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt