'It giet oan' yn Hylpen
Hylpen, Tongersdei 02 Febrewaris 2012, 14:14 oereDe perioade mei froast soarget foar in soad winterwille. Snie, kâlde temperatueren en iis. Op in soad plakken yn Fryslân wurd al wer riden. Oankommende moandei, 6 febrewaris, wurd it Frysk Kampioenskip Maratonriden hâlden.
De iisklup fan Hylpen organisearret op it Iselmar de maraton, wêr’t allinnich riders út Fryslân oan mei meie dwaan. De earste start sil om 10.30 wêze foar de masters. Letter folgje om 12.30 de froulju en om 14.30 de hearen. Sa as it no liket sil der start efter de jachthaven fan Hylpen wêze.
Opjaan kin oant uterlik snein 5 febrewaris 20.00 oere fia dizze link. Foar mear ynformaasje sjoch op: marathonschaatsenfriesland.nl.
| In bydrage fan: Hendrik Jellema | Diel dit artikel: |
![]() |



















