It geheim fan ‘e Kânselier yn Theater Sneek
Snits, Tiisdei 21 Febrewaris 2012, 14:11 oereOp woansdei 7 maart spilet de reisfoarstelling ‘It geheim fan ‘e Kânselier’ fan Tryater yn Theater Sneek. ‘It geheim fan ‘e Kânselier’ is in famyljefoarstelling geskikt foar elkenien fan 8 jier en âlder. De foarstelling begjint om 16.00 oere en is mei Nederlânske boppetiteling.
It geheim fan ‘e Kânselier’ is skreaun troch Peter Sijbenga yn gearwurking mei Bram de Goeij, dy’t de regy fan it stik ek dien hat. Spesjale gast is Piter Wilkens - as Bline Arend, de sjongende cowboy. Hy en Peter Sijbenga tekenje foar de muzyk. Spilers binne Jan Arendz, Arnold Dijkstra, Nynke Heech, Eelco Venema, Laila el Bazi en Raymond Muller.
Dizze lęste twa spilers komme út de nije ploech Jong Tryater. Laila el Bazi docht de oplieding Artiest Drama oan de oplieding D’Drive op it Friesland College. Raymond Muller sit op de oplieding Docent Theater fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden. De foarmjouwing is yn hannen fan Johan Klijn en Annemarie Klijn.
Tryater spilet it stik oant en mei 28 april op tal fan plakken yn Fryslân. Kaarten foar de foarstellings binne te krijen troch op www.theatersneek.nl of troch te beljen mei 0515-430580.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















