Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Foarstelling 'It geheim fan ‘e Kânselier' yn Mantgum

Mantgum, Freed 13 Jannewaris 2012, 15:42 oere
Sneon 4 febrewaris spilet de reisfoarstelling It geheim fan ‘e Kânselier fan Tryater yn De Wjukken yn Mantgum. It stik is yn it Frysk, mar is yn Mantgum mei Nederlânske boppetiteling. It geheim fan ‘e Kânselier is in famyljefoarstelling geskikt foar elkenien fan 8 jier en âlder. Kaarten binne te krijen troch te beljen mei 058-2501750. De oanfang is om 19.30 oere. Tryater spilet it stik oant en mei 28 april op tal fan plakken yn Fryslân. Mear ynfo www.tryater.nl

It geheim fan ‘e Kânselier is skreaun troch Peter Sijbenga yn gearwurking mei Bram de Goeij, dy’t de regy fan it stik ek dien hat. Spesjale gast is Piter Wilkens - as Bline Arend, de sjongende cowboy. Hy en Peter Sijbenga tekenje foar de muzyk. Spilers binne Jan Arendz, Arnold Dijkstra, Nynke Heech, Eelco Venema, Laila el Bazi en Raymond Muller.
Dizze lęste twa spilers komme út de nije ploech Jong Tryater. Laila el Bazi docht de oplieding Artiest Drama oan de oplieding D’Drive op it Friesland College. Raymond Muller sit op de oplieding Docent Theater fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden.
De foarmjouwing is yn hannen fan Johan Klijn en Annemarie Klijn.

Mei spanning, humor en oandwaning wurdt it publyk meiskuord yn in wrâld fan sjittinten, messegoaiers, meunsterhűnen, kokhalzjende skiep, űntploffende kanonnen, hookstrooks opdűkende plysjemannen, en in mem en in soan... en in famke... en in heit (mar dy is der net).

It begjint allegear sa ręstich. Keimpe en syn bęste maat Skiep wenje yn in alderaardichst doarpke. Dat doarpke leit yn in alderaardichst lân, dęr’t Kânselier Pondereus al jierrenlang alderaardichst regearret oer jong en âld en elkenien.
Teminsten, sa liket it... want Keimpe is syn heit kwyt. Mem seit dat er dea is mar dat wol Keimpe net leauwe. Hy beslút om syn heit te sykjen en bedarret yn in gefaarlik aventoer.
Hy komt yn ‘e kunde mei opstannich merkefolk; dęr hast bygelyks de libbene kanonskűgel en it famke. Bringe dizze nije freonen him tichter by syn heit, of just net? Miskien moat er better lústerje nei Bline Arend, de sjongende cowboy foar wa’t it ferline en de takomst gjin geheimen hat.

Foar it earst sűnt jierren is Tryater wer op stap mei in famyljefoarstelling yn de provinsje.
Bram de Goeij - dy’t by Tryater bekend is fan syn regy fan de hilaryske jeugdfoarstelling Stamppot Smyt en de pjutte- en beukerfoarstelling Tomke siket om ‘e kluts -makket stikken mei ferskillende lagen. It binne net allinne de bern dy’t fan syn stikken genietsje. Ek foar folwoeksenen binne syn stikken de muoite wurdich. Elk genietet fan de betsjutting en de humor dy’t past by syn of har leeftyd.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt