Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

It flaggefeest giet as in weach oer Fryslân

Ljouwert, Moandei 07 Novimber 2011, 12:13 oere
Wethâlder Deinum fan Ljouwert hat op 17 septimber de earste flagge fan it flaggefeest krigen. Op dy dei stuts Ljouwert as alderearste de flagge út foar taal. No, goed fjouwer wiken fierder, hingje der hiel wat mear flaggen yn Fryslân. Eltse dei stekt in nij doarp of stęd de flagge út. Dat leveret prachtige bylden op fan fleurige flaggen. Gjin wűnder dat der hieltyd faker frege wurdt om ek sa’n flagge. Se binne te bestellen by de Dokkummer flaggesintrale.

Alle doarpen en stęden flagje foar taal. Dęrmei jouwe sy oan dat se der wiis mei binne dat der sa’n rykdom en ferskaat oan talen yn Fryslân is. Op de flaggen steane parten fan gedichten yn it Stellingwerfsk, it Stędsk, it Bildtsk en fansels yn it Frysk. Sa’n flagge stiet foar de eigenheid fan de streek. Alle doarpen en stęden hawwe harren eigen tekst op de flagge stean. It is in stikje fan in gedicht dat by it doarp of de stęd heart. Alle gedichten binne werom te lezen op www.keppelje.nl en alle dagen bringt GPTV in doarp yn byld en lęst in ynwenner fan it doarp har gedicht foar de kamera foar.

Dizze fleurige flaggen meitsje hiel wat los. It leveret praat op. Minsken wolle witte węrom’t de flagge úthinget. Sa wurdt Kneppelfreed en de gefolgen dęrfan werom brocht yn it űnthâld. Dat wie de bedoeling fan de Ried fan de Fryske Beweging. As it der dan ek noch foar soarget dat der mei respekt omgien wurdt mei de talen dan is it doel mear as berikt. Oan de ein fan dizze 60 dagen wapperje der 3600 flaggen yn Fryslân.

Besjoch hjirűnder ien fan de ôfleveringen fan “flagje foar de taal” op GPTV.



In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt