Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

It Bûsboekje 2012

Ljouwert, Woansdei 03 Augustus 2011, 12:25 oere
De redaksje fan it Bûsboekje hat it wer presteard: in nij, folweardich bûsboekje alhiel yn 'e Fryske taal: in unyk produkt. It Bûsboekje 2012 hat diskear in lichter en luchtiger tema: 'koekjebakker'. Der steane ynterviews yn mei twa echte bakkers en mei in grut koekjefabryk, resepten en alle wiken in bakkersiswize. Mar fansels ek in oersjoch fan alle organisaasjes dy't wat mei it Frysk en de Fryske kultuer hawwe, en de korrekte stavering fan de nammen fan alle Fryske plakken. Lyts genôch foar yn 'e binnenbûse, en grut genôch foar oantekeningen. Alle dagen fan 'e wike oersichtlik yn byld ast it boekje iepen dochst. En dat mar foar 6 euro.

Bûsboekjes binne te krijen by boekhannels rûnom yn 'e provinsje, en by 16 bakkers yn doarpen dêr't gjin boekhannel is. Der binne sels fjouwer ferkeappunten yn 'e stêd Grins en ien yn Roan (Roden). Eventueel kin der ek besteld wurde mei help fan busboekje@gmail.com.

Busboekje 2012
Busboekje 2012


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt