Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

It Brűst dizze wike yn Boalsert

Wommels, Woansdei 10 Maart 2010, 22:51 oere
Boalsert- Fannemiddei is it teaterfestival It Brűst, dat de kommende dagen op it Marne College yn Boalsert stiet, feestlik iepene yn bywęzen fan 500 learlingen en meiwurkers fan it Marne College, boargemaster Willemien Vroegindeweij fan Boalsert en akteurs en meiwurkers fan Tryater. De learlingen fan it Marne College hienen foar de gelegenheid 500 oaljekoeken bakt.


Fideoreportaazje fan Rudy Bouma, foto's binne makke troch Michiel Galama.


De kommende dagen wurde de folgjende foarstellingen spile op it Marne College/yn it Marne Theater:

Diplodocus DeksFolwoeksenenfoarstelling oer hoe’t in kaakbonke it doarp op ‘e kop sette
Tongersdei 11 maart 20.00
Freed 12 maart 20.00 Met Nederlandstalige boventiteling
Sneon 13 maart 20.00 oere

MOOF – Troch Jong Tryater – Oer de űndergong fan in idoal
Sneon 13 maart 17.00 oere

Dixi – foar 4 oant 8-jierrigen – Oer pisjen en wachtsjen en wachtsjen en pisjen
Sneon 13 maart 14.00 oere

Dęrneist is der in râneprogramma:

Tongersdei 11 maart 18.15 oere: Polityk debat oer de rol fan kultuer foar jongeren yn Boalsert mei debatgroep learlingen Marne College en ű.o. wethâlder Marijke Pieters en deputearre Hans Konst. Presintaasje: Simone Scheffer, âld-learling fan it Marne College. Tagong fergees.

Tongersdei 11 maart 19.00: Ynlieding troch skriuwer Tom Lanoye, auteur fan Diplodocus Deks, tagong fergees op fertoan fan in tagongskaart foar Diplodocus Deks, opjaan op .

Freed 12 maart 21.00: Skoalfeest foar learlingen fan it Marne College

Sneon 13 maart 15.00: Knutselje foar bern dy’t Dixi sjoen hawwe, mei sűkerspinnen en Silent Disco.

Kaarten foar de foarstellingen binne te keap by it Gysbert Japicxhűs, 0515-573990, op www.tryater.nl of oan ‘e doar fan it Marne Theater


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt