Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Iris Kroes, Doutzen Kroes en Henk Kroes famylje fan elkoar

Ljouwert, Tiisdei 24 Jannewaris 2012, 17:06 oere
Doe't Iris Kroes ôfrûne freed The Voice of Hollân wûn waard al direkt de fraach steld of's sy ek famylje wie fan dy oare bekende Friezin, fotomodel Doutzen Kroes. In dúdlik antwurd dêrop wie oant no ta net bekend, mar Sietske Bloemhof fan Tresoar hat it bewijs fûn: Doutzen en Iris binne yndie achter-achter-achternichtjes fan elkoar. Boppedat binne sy tegearre ek noch famylje fan dy oare bekende Kroes: earder iismaster en foarsitter fan de Alvestêdetocht, Henk Kroes.

De link tusken Doutzen en Iris Kroes leit by Jan Warners Kroes en Trijntje Bruin(s), dy't op 10 maart 1793 trouden yn Oldemarkt (Ov). De beide soannen Jacob en Warner fan dit pear kamen as turfmakkers nei Fryslân.

Om de famyljerelaasje fan Doutzen en Henk Kroes te finen moat ek werom gien wurde nei itselde pear Jan Warners Kroes en Trijntje Bruin(s). De link tusken Iris en Henk Kroes leit wat minder fier yn it ferline: de oeroerpake en -beppe fan Henk, Hendrik Jacobs Kroes en Geertje Freerks Raadsveld, dy't op 27 septimber 1828 yn Haskerland trouden, binne de oeroeroerpake en -beppe fan Iris.

Stamboek

I Iris Kroes, geb. Drachten 1992
II Geert Jan Kroes, geb. 20-01-1960, tr. Korrie Jelsma
III Jan Geerts Kroes, geb. Katlijk 02-06-1933, tr. Trijntje Hendrikje Hooghiem
IV Geert Willems Kroes, geb. Jubbega-Schurega 27-09-1881, tr. Antje van den Akker
V Willem Hendriks Kroes, geb. Oudehorne 12-06-1845, tr. Trijntje de Vries
VI Hendrik Jacobs, geb. Het Meer 1804, tr. Geertje Freerks Raadsveld
VII Jacob Jans Kroes, geb. Kuinre 03-11-1795, tr. Richtje Jacobs Klimstra
VIII Jan Warners Kroes, geb. Oldemarkt 06-08-1767, tr. Trijnjte Bruin(s)

I Doutzen Kroes, geb. Gytsjerk 23-01-1985
II Johan (J.A.G.H. Kroes, geb. Leeuwarden 11-02-1952, tr. Geartje Leistra
III Douwe Kroes, geb. Dokkum 24-02-1912,tr.Reinskje Wielinga
IV Rein Warners Kroes, geb. Westergeest 01-09-1876, tr. Ytje Douwes Halbesma
V Warner Jans, geb. Garyp 18-11-1852, tr. Aukje Reins Kuipers
VI Jan Warners Kroes, geb.Delfstrahuizen 21-11-1830, tr. Pietje Sijes van der Meer
VII Warner Jans Kroes, geb. Kuinre 03-12-1793, tr. Wypkje Pieters Kiestra
VIII Jan Warners, geb. Oldemarkt 06-08-1767, tr. Trijntje Bruin(s)

I Henk Kroes, geb. Terkaple 01-11-1938
II Jan Kroes, geb. 18 -03-1913, tr. Harmke Brouwer
III Hendrik Kroes, geb. Nieuweschoot 21-06-1877, tr. Wybrigje Koning
IV Jan Kroes, geb. Oudehorne, 11-03-1848, tr. Leentje Pranger
V Hendrik Jacobs Kroes, geb. Het Meer 1804, Geertje Freerks Raadsveld
VI Jacob Jans Kroes, geb. Kuinre 01-11-1795, tr. Richtje Jacobs Klimstra
VII Jan Warners Kroes, geb. Oldemarkt 06-08-1767, tr. Trijntje Bruin(s)


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt