Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Iepenloftspul oer Sneker Pan

Snits, Sneon 24 Desimber 2011, 08:09 oere
Nei it grutte sukses fan “Fanfare!” yn 2006 by de Stúverse Bręge yn Snits, binne ferskate partijen yn ‘e stęd Snits dy’t meiďnoar in nij iepenloftspul realisearje sille.

Yn it jier 2013 is it 100 jier lyn dat it ferneamde skűtsje de Sneker Pan fan ‘e helling rűn is. Foar 50 jier werom hat it bestjoer fan de Skűtsjekommisje Snits it skip oankocht fan Cees de Jong út Assen. Dat feit sil fierd wurde mei in grut iepenloftspul oan ‘e iggen fan ’e Snitsermar.

It stik sil skreaun wurde troch Bouke Oldenhof út de Tynje. De rezjy sil fersoarge wurde troch Wiesje Jansma-de Vries, ek regisseur fan Fanfare. De foarstelling hat ferkate ferhaallinen, ű.o. oer in skippersfamylje, in skűtsjebestjoer, de middenstân yn de jierren sechstich en fansels giet it oer de striid op it wetter, de wedstrydsilerij. Der komt in bjusterbaarlike wedstryd yn foar.

De lokaasjekar leit foar de hân: Oan’e igge fan’e Snitser Mar, by de Potten. Fansels is der ek in haadrol foar in tal skűtsjes węrunder de eigen Snitser Pan. It iepenloftspul is in gearwurking tusken Stichting de Sneker Pan en Toanielselskip Teater Snits.

Sjoen de omfang fan it projekt is in apart oprjochte stichting no al útein setten mei de tariedings.

Yn 2012 sil it skema fan spyljen bekend makke wurde. Oan’e ein fan 2012 wurdt útein setten mei de kaartferkeap.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt