Iepenloftspul Jorwert mei Bohemia
Jorwert, Tongersdei 01 Septimber 2011, 22:17 oereNei de yntrigearjende bewurking fan de film Festen ferline jier, bringt it Jorwerter Iepenloftspul dit jier Bohemia, in tragikomeedzje oer de leafde, foar de keunst en foar elkoar. Bohemia is ynpirearre op de ferneamde opera La Bohème en wurdt troch regisseur Tjerk Kooistra en Jan Schotanus bewurke ta in eigen stik. Musyktheater, mei Fryske ferzjes fan nûmers fan Bram Vermeulen en AC/DC.
Roelof is in ster, sanger fan in rockband dy’t it goed docht en folle sealen lûkt. Mar de glitter en glamour, de gillende fans binne net langer dat wat Roelof ambiearret. Hy wol de musyk fan hert, syn eigen moaie ferskes meitsje, lústerferskes mei lytse emoasjes ynstee fan de flammen en it fjoerwurk fan syn hjoeddeistige band. Yn syn gefjocht fynt der syn kollega-keunstners dy’t fertsjitten fan de maatskippij besykje de holle boppe wetter te hâlden, fuort fan de bewenne wrâld, yn har eigen keunstners-enklave Bohemia.
Yn al har wrakselingen komme de kwaliteiten fan de ferskillende yndividuën mear en mear boppe wetter. Talint is as in diamant, dy’t lang yn it tsjuster ferburgen bliuwe kin, mar úteinlik altyd troch immen ûntdekt wurde sil. Net tsjinsteande de ellinde en earmoed is it libben yn it kamp lykwols no en dan in feest gelyk. De keunstners ynspirearje elkoar kontinu en dat soarget foar bysûndere mominten.
Bohemia is theater dêr’t musyk in wichtige rol spilet. Net yn in musicalsetting, mar mei in flinke live band (konservatorium) dy’t soarget foar de nediche show én de intyme mominten ûndersteunt. Mei eigen, fryske bewurkingen fan AC/DC en Bram Vermeulen.
Bohemia is in stik foar âld en jong, foar keunstners, foar keunstleafhawwers, foar leafhawwers fan it iepenloftspul, mar benammen foar elkenien dy’t in swak hat foar moai toaniel. Bohemia is in keunstwurkje….
Sjoch foar datums en kaarten op: www.iepenloftspuljorwert.nl
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















