Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Iensidich ûngelok op A7 by Wytmarsum

Wytmarsum, Moandei 30 Jannewaris 2012, 12:50 oere
De bestjoerder fan in bestelbuske is moandeitemoarn njonken de A7 yn in sleat bedarre. De man rekke tusken Surch en ôfslach Wytmarsum troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt.

De alarmearre brânwacht fan Wytmarsum hoegde net yn aksje te kommen. De bestjoerder koe sels út de auto komme en is net ferwûne rekke. It oare ferkear hat gjin lêst fan it ûngelok hân.

In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt