Hynstewein te wetter by Winsum
Winsum, Sneon 24 July 2010, 18:58 oereBy Winsum is sneontemiddei in man ferwűne rekke, doe't de hynstewein węr't de man op siet mei hynder en al yn 'e sleat rekke. By it űngelok bedarre it hynder op de man. It slachtoffer koe troch omstanners befrijd wurde. In twadde man dy't ek op de wein siet, koe sels út de sleat komme.
It hynder wie op 'e kletter slein neidat it skrok fan plestik yn 'e berm, dat libben makke. In foarbijgonger alarmearre fuortendaliks de helptsjinsten. Dy holpen it hynder wer út de sleat.
It hynder hie ferskate snijwűnen, mar koe wol wer fuortendaliks op 'e eigen skonken stean. Ek de man hie ferskate snijwűnen. Hy waard behannele troch ambulânsemeiwurkers.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















