Hurde wyn: foaral beammen om
Regio, Tiisdei 06 Septimber 2011, 21:31 oereDe brânwacht en plysje hawwe it tiisdeitejűn drok hân mei meldingen fan stoarmskea. It gie benammen om omwaaide beammen. Ek binne troch de hurde wyn twa kasko wenningen yn de Ljouwerter nijbouwyk Techum ynstoart.
Boppesteande foto’s binne makke op de Easthimmerwei by Wytmarsum. Der is tiisdeitemoarn in grutte beam omwaait oer de dyk. De brânwacht fan Wytmarsum hat hjir de dyk wer frij makke. Ek yn Snits wie in soad oerlęst. Fotograaf Jan Douwe Gorter hat foar Stjoerder.nl űndersteande foto's makke.
Hawwe jo ek foto’s fan oerlest en/of stoarmskea troch de hurde wyn? Stjoer jo foto’s nei en wy sette se hjirűnder del.
![]() |
| Omwaaide beam Douwe Hansmastrjitte Snits. (Foto: Jan Douwe Gorter) |
![]() |
| Grutte tűke mist krekt in rij huzen op de Molenkrite Snits. (Foto: Jan Douwe Gorter) |
![]() |
| Beam op it Ankerpad yn Snits driget op huzen te fallen. (Foto: Jan Douwe Gorter) |
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






















