Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Hūnderten besikers op Parkpop yn Boalsert

Wommels, Tongersdei 13 Maaie 2010, 21:06 oere
Boalsert- Foar de twadde kear yn hjoeddeiske foarm waard yn Boalsert Parkpop organisearre. Op it gratis muzyk festival kamen inkele hūnderten minsken ōf. It wie kāld mar de sfear siet der goed yn.


It mini-festival waard organisearre troch BOP (Bolswarders op het Podium), mei stipe fan de gemeente Boalsert. Troch dizze stipe koe de organisaasje ūnder oare picknickbanken delsette en in draaimole foar bern ynhiere.

Neist bands en artysten mei erfaring wie der ek romte foar nije talinten. De bands dy't spilen wiene: Pappa's & Mamma's band, Felveth, 058Music, P.H.D. en Spandau Ballet Project. Derneist draaide DJ Ilz yn it skoft.

Ton Visser fan TV Boalsert hat foar Stjoerder.nl ūndersteande fideoreportaazje makke.



In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt