Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Hûn ferdronken by Winaam: plysje siket tsjûgen

Wommels, Woansdei 14 July 2010, 20:51 oere
Winaam- Yn de omjouwing fan it gemaal by Roptasyl is yn it wetter in sporttas mei in deade hûn fûn. In meiwurker fan Wetterskip Fryslân die de lugubere ûntdekking. De tas wie ferswiere mei bakstienen.


Doe't de meiwurker de tas iepene ûntduts hy de deade hûn fan sa'n 6 as 7 jier âld. Neffens de plysje is it sa goed as seker dat de hûn noch libbe doe't de rits ticht gie. It is net dúdlik hoelang de hûn yn it wetter lein hat. De plysje wol graach yn kontakt komme mei tsjûgen as mei minken dy't mear oer de hûn witte.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt