Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

‘Holle Bolle Tsjing’

Littenseradiel, Tongersdei 04 Augustus 2011, 01:02 oere
‘Tsjinge-Tsjinge-Boem’ At je dit hearre dan kin it mar oer ien ding gean… oer Spulwike! Ofrűne wike wie it wer safier. Sa’n 270 bern út Littenseradiel mochten harren wer útlibje yn Easterwierrum (groep 3 en 4), Easterlittens (groep 5 en 6) of yn Weidum (groep 7 en 8). It tema wie “De Buorkerij”.

Spulwike wurdt al sűnt 1972 foar de bern yn Littenseradiel organisearre, mei it doel om bern dy’t net op fakânsje geane kinne in leuke wike te besoargjen. De bern komme elk jier massaal en sille de aventoeren dy’t se op Spulwike belibje faaks nea wer ferjitte.

De bern dogge op Spulwike in grut ferskaat oan aktiviteiten, lykas: wetterspultsjes, fierljeppe yn Winsum, swimme yn Wommels, foksejachten, optocht rinne, pankoek ite en foaral in soad wille meitsje. Mar oan de foto’s fan Carla van Hoorn te sjen mochten de bern ek graach elkoar mei wetterferve űnder grieme.

Net foar neat stiet yn de ynstruksjebrief teksten sa as: “Doch net dyn bęste klean oan” en ”droege klean meinimme dy’t echt smoarch wurde meie”.

Oan de reaksjes op Twitter te sjen hawwe net allinnich de bern harren poerbęst fermakke, mar seker ek de lieders en de âlders. De âlders wisten soms net wat se hearden: “Mem, ik wol nei będ, moarn wer Spulwike”. En oare âlders krigen de skrik fan harren libben doe’t se harren bern hielendal wiet en űnder de wetterferve oantroffen. Mar at se seagen hoe’t de bern oan it genietsjen wiene, makke dat alles wer goed.

Ek de lieders kinne harren wer lekker útlibje op Spulwike!
Ek de lieders kinne harren wer lekker útlibje op Spulwike!



In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt