Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Hjerstagresje (Kollum fan Jan Hibma)

Wommels, Sneon 24 Oktober 2009, 20:33 oere
It is wer safier.... De simmer is sljocht foarby. It is klearebare hjerst. Subtiel giet dizze wikseling net, it is oan alles en eltsenien te fernimmen. De barbecue, túnset en camper binne wer op stok en de simmerdûns makket plak foar de hjerstblues.

De natoer jout der de brui oan – betiid tsjuster en alles toar en keal. Pipernúten en krystfersiering al lang en breed yn ‘e skappen om mar wer ris sjen te litten wat foar ellinde ús noch te wachtsjen stiet de kommende tiid. Apteken meitsje oeroeren om oan ‘e explosieve fraach fan antidepressiva foldwaan te kinnen. Om’t it noch wat deprimearjender te meitsjen sette we de wintertiid ek mar fêst yn. As oft it noch net hurd genôch giet! No eltse dei wer stamppot frette want it wiif ferdomd it ek om wat fatsoenliks klear te meitsjen!

No einliks begryp ik wêr’t it wurd beregesellich wei komt. Dy tûke bisten joue harren del yn dizze ôfgryslike tiid en wurde wer wekker wannear’t it, jawis, wer gesellich is. Krij dochs allegear de griep!


In bydrage fan: Jan Hibma Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt