Hennepkwekerij Boalsert oprôle
Wommels, Woansdei 03 Maart 2010, 16:53 oereBoalsert- Op yndustryterrein De Marne is in hennepkwekerij oprôle. Yn de yllegale kwekerij waarden troch de plysje 800 hennepplanten fûn. In 23-jierrige ynwenner fan Ljouwert is yn ferbaan mei dizze saak oanholden.
Yn Ljouwert is by in wenning in hennepkwekerij oprôle mei 700 hennepplanten. De plysje ûntdutst de kwekerij nei in brânmelding yn de wenning. Dizze waard feroarsake troch de min oanleine elektrisiteit, wat foar in libbensgefaarlike situaasje soarge. Ek yn It Hearrenfean waard in hennepkwekerij ûntdutsen. Hjir waard troch de plysje 230 hennepplanten fûn. In 22-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is oanholden.
Op elke trije lokaasjes binne sawol de hennepplanten as de profesjonele apparatuer yn beslach naam.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










