Henk Keizer kertiermakker Fryslân Kulturele Haadstęd
Wommels, Freed 12 Maart 2010, 13:00 oereLjouwert- Henk Keizer wurdt de kertiermakker dy’t lieding jaan sil oan de tariedingen foar Fryslân Kulturele Haadstęd fan Europa yn 2018. Hy sil per 1 juny o.s. yn tsjinst komme fan de meikoarten foar de kandidaatstelling op te rjochtsjen Stifting, neffens it beslút dat yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten op 7 novimber 2009 nommen is.
In seleksjekommisje hat advisearre; dęryn hiene sit Siem Jansen, earder Fryske deputearre en no direkteur fan de NOM, Ira Judkovskaja, artistyk direkteur fan Tryater en Klaas Jansma, schrijver/presentator/uitgever PENN Communicatie. Der wiene mear as 30 kandidaten.
Henk Keizer wurke de ôfrűne fiif jierren by de Stichting Vrede van Utrecht 2013, dy’t (mei) warber is oan de kandidatuer fan Utert as Kulturele Haadstęd fan Europa. Fan de oprichting ôf wie hy saaklik lieder en sűnt 2008 projektlieder fan it kultureel program Zomer van Utrecht, in program dat kultureel erfgoed en it lânskip as boarne fan ynspiraasje hat en dat lânskip ek as presintaasjeplak kiest. De ferhâlding stęd en it lânskip dęromhinne nimt dęrby in
ferneamd plak yn.
Wat de wurkwize fan Henk Keizer skaaimerket, is dat er keunst en kultuer ferbynt mei saken dy’t yn de maatskippij libje en dęrby gearwurkingspartners siket bűten it kultureel męd. Dat waard ek sichtber yn de projekten fan teäterselskip Dogtroep dęr’t er fan 1999 oant en mei 2004 saaklik direkteur fan wie en dęr‘t er ferskate projekten mei produseard hat, sawol yn it bűtenlân (Servië, Ruslân, Súd-Afrika en België) as yn Nederlân. Fan 1996 oant en mei 1999 tekene hy foar de saaklike lieding fan it Oerol Festival en wurke mei artistyk lieder Joop Mulder oan de transysje ta in liedend lokaasjeteäterfestival yn Nederlân.
Henk Keizer (52 jier) is hikke yn East-Nederlân en wennet sűnt fyftjin jierren mei syn freondinne Sue Wiggers op Skylge.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















