Hartwert wer klupkampioen Frysk damjen
Easterein, Moandei 16 Jannewaris 2012, 17:31 oereOp de klupkampioenskippen ôfrûne sneon yn Easterein binne de ferhâldings yn it lytse wrâldsje fan it Frysk damjen wer rjochtset. Hartwert, de op papier sterkste feriening, wûn op oertsjûgjende wize. Ferline jier wie it noch ôftroeve troch Aldegea SWF, mar no hiene de Aldegeasters mei 1,5 tsjin 6,5 gjin skyn fan kâns. Dêrfoar hiene de Hartwerters mei oerwinnings op Skearnegoutum (5-3) en Lollum (6,5-1,5) al dúdlike blike litten wa't dit jier de sterkste wie. En dat wylst de ploech ek noch in pear basisspilers miste
Dêrmei wie it mei de dúdlikens op it kampioenskip lykwols ek wol dien. De trije konkurrinten slaggen der nammentlik yn om yn har partijen ûnderinoar mar ien kear te winnen. Se hiene allegearre dus mar ien wedstriidpunt. It singeliere feit die him lykwols foar, dat ek it tal behelle buordpunten like heech útkaam. Dat wie benammen fan promovendus Lollum in poerbêste prestaasje, ek al omdat dy ploech yn 'e bridte no net sa hiele sterk is. Mar it lyk einigjen makke alles meiinoar wol, dat der no net in winner fan 'e twadde priis onwiisd wurde koe, en dat ek noch net bekend is wa't degradearje moat. Sa't it der no op liket, sille de trije ploegen letter yn it seisoen nochris wer tsjinoar yn 'e slach moatte.
De komplikaasjes wiene yn 'e legere klassen minder grut. Yn 'e twadde is it al jierren wizânsje dat De Gaastmar wat tusken wâl en skip falt. Ferline jier wie de ploech út 'e heechste klasse degradearre, mar no wisten de Gaastmarders it paad omheech wer te finen. Allinne tsjin Hartwert II moast in lykspul tastien wurde. Teloarstellend wie hjir it optreden fan Blauhús, dat mei trije ferliespartijen fan 2-6 gjin potten brekke koe.
It Blauhúster plak yn 'e twadde klasse sil it oare jier ynnaam wurde troch Jorwert, dat no kampioen waard yn 'e tredde klasse. Dat wie lykwols in knikker op 'e kant. De Jorwerters kamen op likefolle wedstriidpunten út as Aldegea II, en de moeting tsjininoar einige yn 4-4. It wie it justjes hegere tal buordpunten dat de Jorwerters der úteinlik trochskuorde.
Utslaggen klupkampioenskippen
Kampioensklasse: Aldegea SWF - Lollum 5,5-2,5, Hartwert - Skearnegoutum 5-3; Skearnegoutum - Aldegea 5-3, Lollum - Hartwert 1,5-6,5; Hartwert - Aldegea 6,5-1,5, Lollum - Skearnegoutum 6-2.Einstân: Hartwert 3 (18 buordpunten); Aldegea 1 (10); Lollum 1 (10); Skearnegoutum 1(10).
Twadde klasse: De Gaastmar - Blauhús I 6-2, Hartwert II - Skearnegoutum II 3-5; Skearnegoutum II - De Gaastmar 3-5, Blauhús I - Hartwert II 2-6; Hartwert II - De Gaastmar 4-4, Blauhús I - Skearnegoutum II 2-6.
Einstân: De Gaastmar 2,5 (15); Skearnegoutum II 2 (14); Hartwert II 1,5 (13); Blauhús I 0 (6).
Tredde en fjirde klasse: Skearnegoutum III - Hartwert III 2-6, Blauhús II - Aldegea II 2-6; Jorwert - Blauhús II 7-1, Aldegea II - Skearnegoutum III 7,5 - 0,5; Hartwert III - Aldegea II 3-5, Skearnegoutum III - Jorwert 0-8; Blauhús II - Skearnegoutum III 4-4, Jorwert - Hartwert III 5,5 - 2,5; Hartwert II - Blauhús II 5-3, Aldegea II - Jorwert 4-4.
Einstân: Jorwert 3,4 (24,5); Aldegea II 3,5 (22,5); Hartwert III 2 (16,5); Blauhús II 1 (10); Skearnegoutum III 0,5 (6,5).
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















