Guozzen fuortjeie mei hûnen
Wommels, Woansdei 11 Novimber 2009, 17:08 oereBoalsert- Fanôf begjin novimber wurde yn súdwest Fryslân bordercollies ynsetten om guozzen fuort te jeien. De guozzen soargje no foar grutte oerlêst in it gebiet tusken de ôfslútdyk, Boalsert, Snits en Warkum. De hûnen moatte de guozzen nei omlizzende gebieten jeie, wer se wol oerwinterje meie.
Jierliks oerwinterje miljoenen guozzen yn Nederlân, wêrfan in protte yn Fryslân. Hjirtroch ûntstiet der in protte skea oan lânbougrûn en natuergebieten.
De kommende fiif moannen litte 40 grûneigeners (mei-elkoar 1750 hektare) de hûnen ta op har terrein. Yn de earste ynstânsje is it in proef en wurdt útfiert troch it Faunafûns. De proef is in winsk fan minister Gerda Verburg fan Lânbou die pleit foar alternativen foar it ôfsjitten fan guozzen.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















