Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Grutte syktocht op Iselmar

Gaast, Tiisdei 20 Oktober 2009, 08:48 oere
Op it Iselmar by Gaast is moandeitemiddei troch de kustwacht in grutte syktocht opsetten nei in fermiste siler. It syljacht fan de man waard moandeitemiddei leech fūn, wilens de syljacht mei de motor oan rūntsjes fear op it Iselmar. It fermoeden bestiet dat de ienige opfarrende in 68-jierrige man śt Ljouwert oerboat slein is.

Oan de syktocht dienen acht reddingsboaten śt: Den Oever, Hylpen, De Lemmer, Enkhuzen, Medemblik en Andijk oan mei. Ek wienen der noch twa partikuliereboaten, twa boaten fan de reddingsbrigade en de Search and Rescue helikopter (SAR). Letter op de jūn, om in oer as njoggen, hat ek noch in fleanmasine fan de Kustwacht mei socht. Der is sa’n 5 oeren socht oant 22.45 oere mar dat hat neat opsmiten.

Hjoed hat it KLPD fierder socht mei in helikopter, is der sonarapparatuer ynsetten en is der letter op de dei noch drźge troch it Lanlike dregteam. Ek hjoed is de fermiste ljouwerter noch net fūn. Moarn sil it KLPD wer fierder sykje.

Fierder is bekend wurden dat de man om 07.00 oere moarns fan Teksel fuortgien is en dat der oan it ein fan’e middei oankomme soe by de Galamadammen. It KLPD is op syk nei tsjūgen dy de man tusken de sluzen bij Koarnwertersān en Gaast sjoen hawwe. Foaral it tiidstip is fan belang.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt