Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Grutte ME oefening yn Harns

Wommels, Woansdei 26 Maaie 2010, 16:04 oere
Harns- De Mobiele Eenheid hat tiisdei in grutte oefening holden by de Tjerk Hiddessluzen yn Harns. De plysjekorpsen fan Fryslân en Grins wienen mei ferskate pelotons fertsjinwurdige. By de training waarden ferskate oefeningen dien.


Sa waard in balstjurrige hooligan oanholden neidat hy de plysje bekûgele hie. Ek waarden der oefeningen dien mei lytse opblaasboaten yn de kolk fan de sluzen. Ynstrukteurs lieden de oefening yn goeie banen.

Foto's: Sebastiaan van der Weide, Scannernet.nl


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt