Grutte belangstelling foar rôffûgelshow Boalsert
Wommels, Woansdei 28 April 2010, 12:30 oereBoalsert- Ofrûne sneon organisearre wykferiening De Molendraai in demonstraasje mei rôffûgels. Troch in moaie waar en de bysûndere fûgels kamen der in soad folk op ôf. Ek it publyk waard by de demonstraasje belutsen. Sa mochten de bern op de grûn lizze wilens der in ûle leech oer harren fleach.
De demonstraasje mei sa'n 15 fûgels waard jûn troch falkerij Schaap út Lochum op it terrein fan famylje Bos. De rôffûgels komme net út it wyld mar binne fokke. Ek wist de falkerij in protte oer de fûgels de fertellen en wie elkenien ûnder de yndruk fan de demonstraasje.
Sjoch hjir foar alle foto's.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















