Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Grutte belangstelling foar lêzing yn It tsiispakhús

Wommels, Freed 13 Jannewaris 2012, 15:20 oere
“Dat der in soad tsiizen in dit pakhús koene wie bekend, mar dat der safolle minsken yn ien kear hjir wêze kine, is in ferrassing”. Dat wiene de wurden fan foarsitter Harry van Putten fan it bestjoer fan museum It Tsiispakhús tongersdeitejûn yn it museum oan it Aldhiem yn Wommels, doe’t hij de grôtfolle seal wolkom hjitte.

In spesjaal wolkom wie der foar Theo Kuipers fan Mantgum, wurksum bij Tresoar, dy’t de tahearders meinimme soe yn de wrâld fan it ûntstean fan de efternammen yn dizze regio. It ûntstean fan de efternammen moast op lêst fan oerhearser Napoleon dien wurde sa om 1811 hinne. De gesinshaden moasten harren melde bij it nammeregister en mochten alhiel nei eigen ynsjoch in namme betinke, dy’t dan ek foar de bern jilde. Sa ûntstiene der nammen dy’t te meitsjen hiene mei bijgelyks beroppen, mei topgrafische skaaimerken, skelnammen en patronimen.

Theo Kuipers helle tal fan prachtige foarbylden om foaral út eigen wenplak, omdat hij dat allegear útsocht hat. It ferhaal fan Kuipers waard troch in Power Point yllustreard en foel der suver noch better yn as de bekende preek yn de âlderling. Yn it skoft wie der hiel wat te bepraten mei elkoar want wie it net sa dat Rients Gratama al sei dat de wichtichste fraach yn Fryslân is: “Fan wa binne jo ien en wêr komme jo wei?”

Nei it skoft fan dizze jûn dy’t yn gearwurking mei Arghis (Argeologysk-Histoaryske Rûnte Littenseradiel) organisearre waard, gie it oer it “nedergerecht” yn it eardere Baarderadiel en Hinnaerderadiel. Oan de hân fan in oantal kopieen út it archyf fan Tresoar waarden de tahearders meinommen yn ” it lytse rjocht” wat yn eigen omjouwing útsprutsen waard. Sa waard in suver fermaaklik stik oer “in mishanneling” fan in frou troch har man trochsjoen en gie Kuipers yn op it ferdielen fan it spul nei ferstjerren fan de lêste âlder. Net allinne de prosedure wie nijsgjirrich mar foaral ek de taal en de húsrie fan dy tiid.

Om 22.15 die foarsitter van Putten de slotwurden fan dizze learsume en noflike jûn en ferwiisde al fêst nei 2 febrewaris want dan komt Meindert Seffinga, direkteur fan it Fries Scheepvaart Museum del mei in lêzing oer de treffearten en it ferfier oer it wetter.


In bydrage fan: Aant Hofstra Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt