Grutte beam waait op wenhûs
Bitgummole , Tongersdei 05 Jannewaris 2012, 10:49 oereDe Fryske helptsjinsten binne ôfrûne nacht drok dwaande west mei de ôfhanneling fan meldings fan stoarmskea. Sa is der yn Bitgummole in grutte beam op in wenhûs waait. De skea liket mei te fallen. De brânwacht koe troch de hurde wyn de beam net romje. Dat sil yn de rin fan tongersdei barre.
Ek komme der meldings fan ûnderoaren omwaaide beamen, reklameboerden en dakplaten út Harns, Snits, Sint Nyk, Molkwar, De Knipe, Wâldsein, en Terkaple.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















