Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Grut tal keunstners docht mei oan Keunstrūte

Wommels, Freed 07 Maaie 2010, 13:23 oere
Wommels- Op 12 juni oansteande wurdt yn śs gemeente de Keunstrūte Littenseradiel 2010 hālden, een Iepen Atelier en Keunstrūte, ferspraat oer de hiele gemeente. Keunstners śt de gemeente krije dy dei de kans om harren keunstwurken oan it publyk sjen te litten en der wurde workshops en demonstraasjes organisearre. Der dogge 48 keunstners śt de hiele gemeente Littenseradiel mei oan de Keunstrūte, in oantal dźr’t de organisaasje tige wiis mei is.


De organisaasje fan de Keunstrūte is hiel tefreden mei de ynteresse foar it evenemint. It doel fan de iepen-atelier- en keunstrūte is de keunst en foarmjouwing fan de keunstners yn Littenseradiel oan in breed publyk sjen te litten. Op tiisdeitejūn 11 maaie wurdt der foar de dielnimmende keunstners in ynformaasjejūn organisearre op it gemeentehūs.

Der is in affysje makke dźr’t op stiet hokker keunstners mei dogge oan de Keunstrūte Littenseradiel en wźr’t se te finen binne. Dizze affysjes sille fan healwei maaie ōf by de VVV-folderposten, kafee’s en gruttere campings fan Littenseradiel te finen wźze. Ynteressearden kinne ek in affysje ophelje op it gemeentehūs.

Yn hūs-oan-hūsblźd Op ‘e Skille fan tongersdei 10 juny sil ien fan de gemeentlike siden folslein yn it teken stean fan de Keunstrūte mei in oersjoch fan alle dielnimmende keunstners en harren lokaasjes, aktiviteiten, workshops ensafuorthinne. Op sneon 12 juny sille alle dielnimmende ateliers te finen wźze oan ‘e hān fan it logo fan de Keunstrūte en pylken dy’t it paad wize.

Op www.littenseradiel.nl/keunstrute stiet mear ynformaasje oer it projekt, ynklusyf in oersjoch fan de dielnimmende keunstners. Foar fragen oer de organisaasje fan de Keunstrūte kin men e-maile nei keunstrute@littenseradiel.nl.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt