Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Grut feest yn Fryslān op befrijingsdei

Wommels, Tongersdei 06 Maaie 2010, 14:44 oere
Ljouwert/Snits- It befrijingsfestival yn Ljouwert hat neffens de plysje sa'n 120.000 besikers lutsen. Hjirmei is de edysje fan 2010 de drokste sūnt 1995. Neist it grutte poadium by de Aldehou wiene der noch fjouwer poadia wźrūnder yn de prinsetśn. Neffens de plysje binne der gjin grutte ynsidinten west, wol binne inkele minsken beboete foar wyldpisjen en dronkenskip.


Ek op oare plakken wiene der festiviteiten. Sa wie der yn Makkum "Bevrijdingsbollepop". Yn de feesttinte by it sintrum spilen ferskate bands. Dit wie ek de lźste festiviteit fan de feestwike yn Makkum.

Yn Snits wie in parade mei ālde legerweinen troch de stźd. Op it Oud Kerkhof naam boargemaster Hayo Apotheker it defilee ōf. Dernei kamen de rinners fan atletykferiening Horror binnen mei it befrijingsfjoer, dat se rinnend fanśt Wageningen yn in estafette nei Snits brochten. Boargemaster Hayo Apotheker hat dernei it befrijingsfjoer ūntstutsen.

De foto's binne makke yn Snits, mei tank oan Wim Walda fan Grootsneek.nl.
Hayo Apotheker ūntstekt it befrijingsfkoer
Hayo Apotheker ūntstekt it befrijingsfkoer


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt