Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

GRUT ALAARM: Gifwolk ûntsnapt by Dronryp

Wommels, Freed 06 Novimber 2009, 14:00 oere
Dronryp- Der waard fannemoarn grut alarm slein bij de helptsjinsten yn Fryslân. Bij de Frico suvelfabryk yn Dronryp ûntsnapte salpetersoer fanút in frachtauto dy’t bij de fabryk stie te lossen. Omdat it soer gefaarlik is bij it ynademjen en de wolk rjochting it doarp like te gean waarden de ynwenners warskôge om foaral binnen te bliuwen en de doarren en rúten ticht te hâlden.


De brânwacht besocht yn earsten in soad wetter op de tankauto te spuitsjen om sa it soer dat ûntsnapte te fertinjen. Men hie de saak ridlik gau ûnder kontrole. De frachtweinsjoffeur en in meiwurker fan de fabryk binne mei ademhellings swierrichheden nei it sikenhûs oerbrocht.

Der waard mei grutte oandacht sjoen wat de wyn die omdat men de gifwolk folge woe om sa de goeie warskôgingen dwaan te kinnen yn bijgelyks de omlizzende doarpen. Nei hast twa oeren koe men it sein “master” jaan.

It ûngemak die hast hiel Fryslân opskrikken, want bij fersin waard de sirene net allinne fan Dronyp oansetten mar fan tal fan plakken yn Fryslân.

Klik hjir foar ekstra foto's.


Gerelateerde artikelen
FIDEO REPORTAAZJE: Gifwolk ûntsnapt by Dronryp
Wat in ramp (kollum troch Aant Hofstra)


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt