Grôtfolle seal bij Henk de Velde
Wommels, Sneon 17 April 2010, 00:11 oereWommels- De grutte seal yn It Dielshûs yn Wommels wie freedtejûn oan de lêste stoel ta beset mei minsken dy’t Henk de Velde heare woene. Dizze ferneamde solosiler wie op útnoeging fan freon en ek siler Frits Brattinga nei Wommels kommen om oer syn “Never ending voyage” te praten.
Troch: Aant Hofstra
Fan hein en fier wiene de tahearders kommen en it waard in prachtige jûn. Ter Velde wist oan de hân fan syn dia’s, mar foaral syn wurden it publyk mei te nimmen yn in reis fan lân nei lân en foaral fan eilân nei eilân. Hij fertelde oer de gefaren fan it waar, fan de see mar ek fan de kusten. En hij joech oan hoe aardich de minsken wêze kinne op dy hast ûnbewenne eilannen en dat je fertrouwen ha moatte yn de minsken.
Yn dizze lêste reis dy’t yn 2007 begûn is, fear hij earst fia de Atlantische Oceaan nei Argentinie. Hij hat dêr langere tiid oan wâl west omdat ien fan syn mesten bruts wie en hij 9 moannen wachtsje moast op in nije. Hij ferfette syn reis fia de Kaap en meardere lytse eilannen yn de Stille Oceaan. Sa kaam hij út yn Australie.
Langere tiid ferbliuw hij yn Nieuw Guinea en hij hat syn skip no yn Japan oan de wâl lein. De sinten binne op en hij is no yn Nederlân om lêzingen te jaan, promoasjewurk te dwaan foar syn nije boek ”Nergens is ook ergens” en om syn wetterferve skilderijtsje oan de man de bringen. En dat ien fan dy lêzingen yn Wommels wie, wie hiel bysûnder. En om twa kear trije kertier sa’n seal fol minsken ademleas harkje te litten is sûnder mis in prestaasje fan formaat.
Sjoch hjir foar alle foto's.
![]() |
| Henk de Velde |
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |





















