Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Greidhoek’ Festival siket frou

Wommels, Moandei 01 Augustus 2011, 11:48 oere
In orizjineel neisimmer festival fanôf de betide sneontejûn. Sa kin it Greidhoek’ festival op it terrein fan Swimbad De Klomp yn Wommels karakterisearre wurde. 17 septimber fan 19.00 ôf oant midsnacht wurdt der in bûtengewoan programma delsetten foar alle ynwenners fan de Greidhoek’ en fier deromhinne. Der is in iepenloft haadpoadium mei licht alternative muzyk. Derneist is der in 70’s-Tinte en in Iglo wêr jong en âld geniete kinne fan in discjockey, poëzij én skilder Bob Ross!

Yn grutte linen stiet neat in slagge jûn en nacht yn ‘e wei, al rint it organisaasjekomitee tsjin ien fraachstik oan: Wêr is eigensinnich froulik muzikaal as poëtysk talint te finen? Grif sil der te iensidich oriïnteard wêze yn it sykjen nei bysûndere artysten. Fandêr dizze oprop: Bist do, of kinst do fernijend froulik talint dy’t orizjineel is en yn elts gefal de tradisjonele covermuzyk te boppe giet? Stjoer dan in mail nei info@greidhoekfestival.nl en der wurdt kontakt mei dy socht.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.greidhoekfestival.nl.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt