Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

GPTV ynkoarten ek digitaal op de kabel

Harns, Woansdei 28 April 2010, 13:12 oere
GPTV, de kommersjele stjoerder fan Fryslân, is fanôf 3 mei ek digitaal te ûntfangen op it kabelnet fan UPC. GPTV stjoert in dageliks sjoernaal út op de kabel yn 24 Fryske gemeenten. Oant no ta wie dat útslutend fia it analoge kanaal. Fanôf moandei wurdt GPTV yn it UPC gebiet ek digitaal troch jûn fia it kanaal 703.

Ek kabeleksploitant Ziggo sil yn de takomst meiwurkje oan de digitale trochjefte fan GPTV. Foar de kommende tiid stiet in ynhâldlike útwreiding op it programma. Mei in oantal publike en kommersjele partners wurde ûnderhannelingen fiert oer sponsorde programma's. Dizze eksterne finansiering moat de ynhâldlike ferdjipping mooglik meitsje. Hjirby bliuwt hieltiden de sjoernalistike ûnôfhinklikheid fan de stjoerder foarop stean.

In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




saaklik

112

kultuer

sport

algemien

oerheid

FYS Projekt