Gouden Spjelden by Krystkonsert Blauhûs
Blauhûs, Moandei 19 Desimber 2011, 14:49 oereOffisjeel is pas 1 Jannewaris 2012 de nije Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân ‘OMF’ in feit, mar hjoed binne der al Gouden Spjelden oan twa fan harren leden útrikt.
Johan van der Meer en Teake Rijpma, beiden lid fan de Blauhúster blaaskapel ‘De Swalkers’ en ‘Fanfare Blauhûs’ krigen de ûnderskieding, in gouden pompeblêd mei muzyksleutel, opspjelde as wurdearring foar mear as 40 jier aktyf musisearjen.
Doarpsgenoat Sicco Rypma spruts de beide hearen ûnder it Krystkonsert fan Fanfare Blauhûs yn de Sint Vitustsjerke ta en rikte de spjelden út: ‘Muzyk ferieniget minsken, dat sjogge we ek wer by dit unike konsert wêr mar leafst rom 150 nije en mear erfaren muzikanten oan meiwurkje. Jimme binne de ambassadeurs fan de rike Fryske muzykkultuer, jimme bringe de muzykkultuer op fytsôfstân ûnder de minsken’.
By de oanfang fan it Krystkonsert foarmen mar leafst 120 nije jonge learlingen fan de korpsen fan Skraard, Tsjerkwert, Boalsert en Blauhûs ien orkest. De muzykles fan de nije learlingen is mei mooglik makke op inisjatyf fan Prinses Maxima en it Oranjefûns.
Der binne 220 korpsen oansluten by de nije Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân OMF. Mei-inoar hawwe dizze ferienings rom 7500 spyljende leden. It bestjoer fan de Swalkers en Fanfare Blauhûs binne tige optein dat twa fan harren leden no troch de OMF ûnderskieden binne mei de Gouden Spjelde fan fertsjinste.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















