Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Goede prestaasjes Súdwest Fryslân op it mêd fan foartidich skoalleferlitten

Wommels, Freed 07 Maaie 2010, 08:49 oere
Regio- It werombringen fan skoalleútfal is in wichtich spearpunt fan it (demisjonêre) kabinet. Lanlik wie it stribjen it tal bern dat te betiid fan skoalle giet yn de jierren 2007-2011 mei 10% werom te bringen. Yn de Súdwesthoeke is dat tal bern op dit stuit weromkrongen mei 24% neffens it peiljier.

Troch de yntegrale oanpak fan de acht Súdwesthoekegemeenten is dit goede resultaat behelle.

Alle gemeenten yn Nederlân moatte bern dy’t te betiid fan skoalle gean of driigje dat te dwaan, registrearje en derfoar soargje dat dy bern mei in passend ûnderwiis- of arbeidstrajekt dochs in startkwalifikaasje helje (in diploma fan in havo-, vwo- of mbo2-oplieding). In jongere is folslein learplichtich oant en mei it skoallejier dêr’t hy of sy 16 jier yn wurdt. Dêrnei jildt foar alle jongerein oant 18 jier de kwalifikaasjeplicht. Dizze plicht is yn 2007 ynfierd en doe is ôfpraat te stribjen nei in fermindering fan 10% minder bern dy’t te betiid fan skoalle gean yn de perioade 2007-2011.

Yn it peiljier 2005-2006 wienen der yn de Súdwesthoeke 335 bern dy’t te betiid fan skoalle gienen. In jier letter wie de ambysje dat mei 10% te ferminderjen al helle mei 18%. Ut sifers fan it lêste skoallejier 2008-2009 docht bliken dat de trend him fierder trochset hat. Der binne no 24% minder.

It totaal oantal learlingen dat yn 2008-2009 foartidich fan skoalle gong en yn Súdwest Fryslân wennet, bedraacht no 254. Dat is 2,5% fan yn totaal 10.357 learlingen. Dat is lanlik sjoen in hiel goede skoare. Tagelyk is ek dúdlik dat it de kommende perioade lestiger wurdt om dit noch fierder omleech te bringen. Neffens de learplichtamtners komt dat trochdat de problemen hieltyd yngewikkelder wurde.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt