Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Gjin gas en wetter yn Kûbaard

Kûbaard, Sneon 22 Oktober 2011, 14:58 oere
Troch in grut gas en wetterlek sit Kûbaard al fanôf fannemoarn 11.00 oere sûnder gas en wetter. Yn it ramt fan it betinken fan Kneppelfreed wiene doarpsbewenners dwaande mei it pleatsen fan 60 flaggemêsten yn berm by de trije tagongsdiken.

By de tagongsdyk út de rjochting fan De Bieren gie it mis. Hjir waard in wetterlieding rekke. Troch it wetterlek is de berm oer in lingte fan tsien meter fersakke. Ek de neistlizzende gaslieding rekke hjirtroch lek.

De gas en wetterliedingbedriuwen binne op it stuit dwaande om de liedingen te reparearjen. By it op opgraven fan de liedingen kaam der in hege konsintraasje gas frij. Hjirtroch is út foarsoarch ek de brânwacht fan Wommels alarmearre.

Omdat der wetter yn de gaslieding kaam is, hat it noch in skoft duorre foardat it hiele doarp wer gas en wetter hie.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt