Fytser skept troch automobilist yn Boalsert
Boalsert, Tiisdei 31 Augustus 2010, 22:14 oereIn 63-jierrige fytser út Boalsert is moandeitemiddei oanriden troch in 51-jierrige automobilist út Snits. Hjirby is de man út Boalsert ferwûne rekke. It ûngelok fûn plak ter hichte fan de krusing mei de Grote Kampen en Snekerpoort yn Boalsert.
De fytser woe links ôfslaan yn de rjochting fan de Snekerpoort. De automobilist ferliende hjirby gjin foarrang en koe de Boalserter net mear ûntwike. De fytser waard skept en foel op 'e grûn. De man is mei rêch en skouderklachten oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















