Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Fytser (16) slim ferwûne by ûngelok

De Jouwer, Tongersdei 01 Septimber 2011, 21:32 oere
In 16-jierrige racefytser fan It Hearrenfean is tongersdeitemiddei slim ferwûne rekke by in nuver ynsidint op 'e Jouwer. De fytser soe tegearre mei in maat de Koarte Ekers opfytse doe’t er syn lykwicht ferlear. In oanridende auto koe him net mear ûntwike en skepte de fytser.

De fytser kaam efkes fierder del en wie net mear oansprekber. Alarmearre ambulânse-meiwurkers hawwe de jongen stabilisearre. Dernei is it slachtoffer mei slim harsenletsel mei traumahelikopter oerbrocht nei it UMCG yn Grins.

De plysje hat op it plak fan it ûngelok ûndersyk dien nei’t ûngelok.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt