Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Fúzjekrante Súdwest Fryslân

Wommels, Tiisdei 13 April 2010, 11:17 oere
Regio- De ynwenners fan de fúzjegemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits, Wûnseradiel en Wymbritseradiel krije dizze wike de Fúzjekrante yn ‘e brievebus. De Fúzjekrante wurdt hús-oan-hús besoarge en is taheakke oan de Workumer krante Friso, it Bolswards Nieuwsblad en het Sneeker Nieuwsblad. De krante hat in oplage fan 45.000.


Yn dizze earste Fúzjekrante wurde de ynwenners fan Súdwest Fryslân ynformearre oer de beëage fúzje tusken de fiif gemeenten yn de Súdwesthoeke.

Ynwenners fine ynformaasje oer it kearnebelied fan de nije gemeente, de tsjinstferliening fan 1 jannewaris 2011 ôf en lêze oer de ferskate talen en dialekten dy’t Súdwest Fryslân ryk is. Ek de ferkiezings foar de nije gemeente dy’t letter dit jier plakfine sille komme oan bod. Skriuwster Riek Landman fertelt oer har moaiste plakje yn de nije gemeente.

Nei dizze earste edysje fan de Fúzjekrante ferskine der dit jier noch twa. Ek dizze wurde wer hús-oan-hús besoarge.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt