Fuotballer Pele van Anholt út Boalsert nei FC Emmen
Boalsert, Woansdei 01 Septimber 2010, 16:55 oereDe Boalserter middenfjilder Pele van Anholt út it belofteteam fan It Hearrfean, sil oansteande freed diel út meitsje fan de seleksje fan FC Emmen. Ek de rest fan it seizoen sil de Boalserter foar FC Emmen útkomme. Derneist is Pele gewoan beskikber foar it belofteteam.
Pele is 19 jier en spilet al njoggen jier yn de jeugd fan SC Heerenveen en komt fan amateurferiening CAB (Boalsert). Ek de 19-jierrige keeper Jurjan Wouda fan it belofte team sil de rest fan it seizoen foar FC Emmen útkomme.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















