Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Fryslân hat syn earste CPO feriening

Wommels, Moandei 30 Novimber 2009, 17:45 oere
Wommels- Op tongersdei 26 novimber om 16.30 oere binne de statuten fan de feriening ‘Kollektyf Partikulier Opdrachtjouwerskip (CPO) ‘Nieuwbouw’ te Easterlittens’ űndertekene by notariskantoar mr. G.S. van der Hem yn Jorwert. De earste CPO feriening fan sawol Littenseradiel as Fryslân is no in feit.


In groep fan fiif famyljes út Easterlittens hat it inisjatyf nommen om sels nijbou te gean realisearjen yn Easterlittens. Dit inisjatyf falt te karakterisearjen as Kollektyf Partikulier Opdrachtjouwerskip (CPO). By in kollektyf projekt is it winsklik om in feriening op te rjochtsen dy’t as rjochtspersoan fungearje kin. It doel fan de feriening is te kommen ta de planrealisaasje yn it ramt fan it CPO fan nijbou yn Easterlittens en it behertigjen fan de belangen fan de leden, as takomstige eigners yn boppeneamd nijbouplan, sűnder winsteachmerk.

It kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan de gemeente Littenseradiel hat ynstimd mei it CPO Easterlittens en ferlient dęroan har meiwurking. It projekt wurdt stipe fan út de ôfdieling Romtlike Űntjouwing. Sa is der yn gearspraak in foarkarlokaasje bepaald.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt