Frysktalige “Marktplaats” yn’e loft
Snits, Moandei 23 Novimber 2009, 22:31 oereSûnt hjoed is der in Frysktalige fariant fan Marktplaats yn’e loft. De webside www.tekeapynfryslan.nl is in inisjatyf fan Joop Hoekstra út Snits. Hy kaam op it idee neidat Marktplaats Frysktalige advertinsjes wegere omdat it personiel de advertinsjes net kontrolearje koe.
De nije webside hat ek noch inkele foardielen boppe Marktplaats, sa komt al it guod út Fryslân wei en bedonderje ek net sa gau minsken út de buert wei. Besjoch de webside troch hjir te klikken.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















