Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Fryske gedichten yn stedsbussen

Ljouwert, Moandei 16 Jannewaris 2012, 18:12 oere
Op tongersdei 26 jannewaris tusken 10.45 en 13.15 sille jongeren yn de stedsbussen fan Connexxion gedichten foardrage. Tidens Nasjonale Gedichtedei sille sy Fryske poëzij hearre litte oan de reizgers. It binne 10 finalisten fan it foardrachtsfestival ‘FeRstival’ dat yn desimber 2011 hâlden is op It Hearrenfean. Yn groepkes fan twa steane sy yn ferskate stedsbussen yn Ljouwert.

It inisjatyf komt fan deputearre Johannes Kramer fan de provinsje Fryslân. Hy hechtet grutte wearde oan de Fryske taal en kultuer en hat Connexxion útdage om de bus hjirfoar as drager yn te setten. De foarkar gie dęr by út nei Fryske poëzij.

Connexxion hat it konsept tegearre mei Tresoar betocht. Dęrnei hat Tresoar de jongeren, âlden en skoallen benadere om mei te dwaan. Op de dei sels binne meiwurkers fan Tresoar oanwęzich om de jongeren te begelieden. Tresoar is de ‘skatkeamer’ fan Fryslân as it giet om alles wat mei de Fryske kultuer te krijen hat.

Fan 17 jannewaris ôf binne der flyers te krijen yn alle bussen fan Connexxion yn Fryslân. Hjir steane de foardrachtsgedichten fan de trije winners fan FeRstival yn.
It binne Jorn van der Schaar (Toppers;16-18 jier ), Merel van Wijk (Starters; 12/13 jier) en Ilja Dijk (Trochsetters; 14-15 jier). De flyer ferwiist nei de webside dęr’t de trije winners te hearren en te sjen binne.

Connexxion telt sa’n 10 miljoen ynstappers yn Fryslân yn ’t jier en berikt dęr in protte minsken mei. Fia ferskate aktiviteiten, lyk as ű.o. WIFI, tv-skermen en reizigersmagazines yn de bus en yn de Fryske ynformaasjebus, probearret Connexxion reizgjen mei de bus yn Fryslân makliker, leuker en avontoerliker te meitsjen. Dit evenemint slút dęr goed op oan.

It toerskema stiet op www.connexxion.nl/friesegedichten.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt