Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Frysk e-mailprogramma hast klear

Wommels, Woansdei 25 Novimber 2009, 21:29 oere
Ljouwert - Woansdei 25 novimber hat de Mozilla-organisaasje, bekend fan û.o. de ynternetbrowser Firefox, in testferzje beskikber makke fan it e-mailprogramma Thunderbird 3.0. Mei dizze útjefte is der no lang om let by de 49 talen dy't beskikber binne ek in Fryske ferzje. Mei stipe fan de provinsje Fryslân hawwe Wim Benes en Hindrik Sijens hurd wurke om de oersetting dien te krijen.


Thunderbird is in e-mailprogramma lykas Outlook dat makke wurd neffens it "Iepen Boarne"-prinsipe. Dat betsjut dat elkenien op 'e wrâld der oan meiwurkje kin, bygelyks troch nije ûnderdielen ta te foegjen, besteande funksjes te ferbetterjen of bugs op te lossen. It is beskikber foar de bestjoeringssystemen Windows, MacOS en Linux.

It programma kin oerwei mei ferskate protokollen om e-mail te ûntfangen en te ferstjoeren, byg. POP en IMAP. E-mail kin yn it oersichtlike skerm bewarre wurde yn mappen of argivearre wurde mei de nije argivearfunksje. Yn ferzje 3 is ek in sykfunksje tafoege dy't hiel fluch troch alle e-mails sykje kin op ûnderwerp, ôfstjoerder of ynhâld. Foar dyjinge dy't Thunderbird foar it earst ynstallearret en brûke wol, is der in ienfâldige manier om syn e-mailaccount yn te stellen. Ien kear ynsteld is it dêrnei mooglik om âlde e-mail en adressen út oare programma's te ymportearjen.

Lykas de browser Firefox is Thunderbird ek nei eigen winsk oan te passen mei saneamde tafoegings (add-ons). Dit kinne wurdboeken wêze (byg. Frysk) foar de ynboude staveringshifker, berjochtfersifering foar ekstra feilichheid of adresboekopsjes. Ien tafoeging dy't in hiel soad funksjonaliteit tafoeget is Lightning. Dit is in aginda- en taakprogramke dat op jo kompjûter agindas meitsje kin, mar ek syngronisearret mei Google Aginda. Dy tafoeging is no noch net yn it Frysk, dat sil ynkoarten wol sa makke wurde.

Wannear't de definitive ferzje beskikber komt is noch net wis, wierskynlik begjin desimber.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt