Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Frysk dammer Taeke Kooistra no allinnich oan kop

Jorwert, Woansdei 10 Febrewaris 2010, 21:34 oere
Yn 'e tredde omloop fan it persoanlik kampioenskip Frysk damjen wie der al fuortendaliks in topduel. Taeke Kooistra en Folkert wiene de iennichsten dy't út de earste twa omlopen de folle winst helle hiene, en it kaam sa út dat syen no krekt yn kafee "Het Wapen van Baarderadeel" al tsjininoar moasten.

Groenveld hie it dreech. Syn tsjinstanner twong him yn in lestige sintrumposysje dêr't eins net folle ear oan te beheljen wie. Troch syn oerwinning hat Kooistra no in moai gat slein mei syn efterfolgers. Njonken Groenveld is dat Tsjerk Wijbinga, dy't deeglik fan Sjoerd Jan Bakker wûn, èn meifavoryt Jelle Wiersma. Wiersma wie sneon net hiel goed begûn, en hy stie der tiisdeitejûn tsjin Marten Walinga eins ek hielendal ferkeard op. Mar doe't Walinga der raar yn om begûn te skowen, wie it punt dochs noch sines.

Yn 'e reservekampioensklasse hat Hein de Vries de kop nommen troch in oerwinning op 'e altyd lestich te bespyljen Germ Terpstra. Sjoerd Couperus, dy't tsjin Kees Tijssen oars net fierder kaam as in remize, folget him op 'e foet. Yn 'e haadklasse AA, de saneamde "tredde acht", dogge de bruorren Walinga út Aldegea it opvallend goed. Dicky van der Meer en Harry Postma waarden it slachtoffer fan harren agressive spulwize. It toernoai wurdt kommende sneon fuortset yn It Terphûs yn Hartwert.


Utslaggen en stannen:
Kampioensklasse: St. Bouma – A. v.d. Goot 1-0; Tj. Wijbinga – S.J. Bakker 1-0; T. Kooistra – F. Groenveld 1-0; M. Walinga – J. Wiersma 0-1.

Stân: T. Kooistra 3-3; F. Groenveld, J. Wiersma & Tj. Wijbinga 3-2; St. Bouma, A. v.d. Goot & M. Walinga 3-1; S.J. Bakker 3-0.

Reservekampioensklasse: F. Wiersma – K. Wiersma 1-0; Sj. Couperus – K. Tijssen 0,5-0,5; H. de Vries – G. Terpstra 1-0.

Stân: H. de Vries 3-2,5; Sj. Couperus 3-2; C. Kooistra & K. Tijssen 2-1,5; F. Wiersma 3-1,5; G. Terpstra 3-1; K. Wiersma 2-0.

Haadklasse AA: G. Schilstra – W. Hoekstra 0-1; D.J. v.d. Meer – R.J. Walinga 0-1; S. Walinga – H. Postma 1-0.

Stân: R.J. Walinga 2-2; S. Walinga 3-2; W. Hoekstra 1-1; Y. Boelens 2-1; D.J. v.d. Meer & G. Schilstra 3-1; H. Postma 2-0.


Gerelateerde artikelen
Frysk dammer Taeke Kooistra begjint goed


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt