Frysk dammer Taeke Kooistra bliuwt oan winnende hân
Hartwert, Moandei 15 Febrewaris 2010, 19:47 oereTaeke Kooistra liket dit jier by de persoanlike kampioenskippen Frysk damjen in klasse apart. Yn 'e fjirde en fyfde omloop, sneon ferspile yn It Terphûs te Hartwert, helle er ek wer de folle skoare binnen. Tsjin good old Augustinus van der Goot barde dat wol hiel moai.
Kooistra hie yn it middenspul yn 'e rekken dat syn tsjinstanner in damset úthelje woe, naam op 'e tiid syn maatregels, en sloech even letter ferwoastend werom mei in wat ferhoalen kombinaasje dy't him wol in hout winst opsmiet. Van der Goot joech him fuortdaliks de hân, en wie sa't it liket sa fan it sjapiter dat er syn twadde partij, tsjin Marten Walinga, ek ferskiet.
Fan Kooistra syn trije efterfolgers die Tsjerk Wijbinga it it bêste. Hy fersloech meikonkurrint Jelle Wiersma, en spile dêrnei kamp tsjin Folkert Groenveld. Groenveld wie der miskien ek wol wat ôf omdat út in analyze bliken dien hie dat er yn 'e tredde omloop efterôf winne kind hie fan Taeke Kooistra.
Tsjin Stoffel Bouma kaam er ek al net fierder as remize. Marten Walinga hie it ôfrûne sneon op 'e heupen. Troch oerwinnings op Augustinus van der Goot en de noch puntleaze Sjoerd Jan Bakker sleat er oan by it ploechje efterfolgers fan Taeke Kooistra. En dochs moat it al hiel raar rinne as Kooistra kommende sneon foar de safolste kear de kampioenskrânse net om 'e nekke krije sil.
It sjocht der no ek wol nei út dat Hein de Vries wer werom komt yn 'e kampioensklasse. De Drachtster kaam yn 'e twadde groep tsjin Kees Tijssen al frij gau in hout foar, en makke dêrnei tsjin Klaas Wiersma gjin flaters. De Vries wurdt mooglik beselskippe troch Cor Kooistra, dy't tsjin deselde tsjinstanners itselde keunststikje úthelle. Yn 'e tredde acht dogge de Walinga's fan Aldegea it knap. De direkte bruorrestriid einige yn remize, en dêrmei bleauwen beiden oan kop. De stân yn dizze klasse is oars ûnoersichtlik troch útfal fan spilers en ôflastings. Op papier hat sadwaande Aldegeaster Willem Hoekstra noch de bêste kansen op promoasje.
Utslaggen
Kampioensklasse, fjirde omloop:
Augustinus van der Goot – Taeke Kooistra 0-1; Sjoerd Jan Bakker – Marten Walinga 0-1; Tjerk Wijbinga – Jelle Wiersma 1-0; Stoffel Bouma – Folkert Groenveld 0,5-0,5.
Fiifde omloop: Taeke Kooistra – Sjoerd-Jan Bakker 1-0; Marten Walinga - Augustinus van der Goot 1-0; Jelle Wiersma – Stoffel Bouma 1-0; Folkert Groenveld – Tjerk Wijbinga 0,5-0,5.
Stân: Taeke Kooistra 5-5; Tjerk Wijbinga 5-3,5; Folkert Groenveld 5-3; Jelle Wiersma 5-3; Marten Walinga 5-3; Stoffel Bouma 5-1,5; Augustinus van der Goot 5-1; Sjoerd Jan Bakker 5-0.
Twadde acht, fjirde omloop: Klaas Wiersma – Cor Kooistra 0-1; Kees Tijssen - Hein de Vries 0-1; Sjoerd Couperus – Germ Terpstra 0-1.
Fiifde omloop: Cor Kooistra – Kees Tijssen 1-0; Hein de Vries - Klaas Wiersma 1-0; Germ Terpstra - Fedde Wiersma 0,5-0,5.
Stân: Hein de Vries 5-4; Cor Kooistra 4-3; Germ Terpstra 5-2,5; Sjoerd Couperus 4-2; Fedde Wiersma 4-2; Kees Tijssen 4-1; Klaas Wiersma 4-0.
Tredde acht, fjirde omloop: Rein Jan Walinga – Gerrit Schilstra 0-1; Dicky van der Meer – Willem Hoekstra 0-1.
Fiifde omloop: Siebe Walinga – Rein Jan Walinga 0,5-0,5; Harry Postma – Dicky van der Meer 0-1.
Stân: Rein Jan Walinga 4-2,5; Siebe Walinga 4-2,5; Willem Hoekstra 2-2; Gerrit Schilstra 4-2; Ype Boelens 2-1; Harry Postma 3-0.
Gerelateerde artikelen
Frysk dammer Taeke Kooistra no allinnich oan kop
Frysk dammer Taeke Kooistra begjint goed
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










