Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Frysk dammer Taeke Kooistra begjint goed

Jirnsum, Moandei 08 Febrewaris 2010, 16:34 oere
Regearjend kampioen Taeke Kooistra fan Hartwert is it persoanlik kampioenskip Frysk damjen ōfrūne sneon yn Jirnsum goed begūn. Hy wūn oertsjūgjend fan Tsjerk Wijbinga en Stoffel Bouma, en naam dźrmei fuortdaliks de kopposysje al wer yn. Dy moat er oars noch al diele mei Jutryper Folkert Groenveld, dy't Sjoerd-Jan Bakker en Augustinus van der Goot fersloech.

Van der Goot is lykwols in gefaarlike outsider. De kampioen van alearen is werom op it heechste nivo, en liet tsjin meifavoryt Jelle Wiersma sjen dat er it damjen noch lang net ferleard is. Der is oars yn 'e kampioensklasse in grutte groep dy't krekt as Wiersma en Van der Goot śt twa wedstriden ien punt helle hat. Allinne Stoffel Bouma en Sjoerd-Jan Bakker ferlearen har beide partijen. Kommende tiisdei wurdt it kampioenskip fuortset yn Jorwert.

In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt