Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Frysk Berne Spektakel yn Nijlân

Nijlân, Tongersdei 06 Oktober 2011, 14:54 oere
Op woansdeitemiddei 19 oktober, midden yn ‘e hjerstfakânsje, set Merakels de doarren fan MFC ‘De Mande’ yn Nijlân wiid iepen foar bern fan 4 oant 10 jier dy’t sljocht binne op teater, muzyk en kreatyf dwaande wêze.

It bysûndere fan Merakels is dat bern de kâns krije om op ien middei trije foarstellings mei te meitsje. Elk oere wurdt der wiksele en kinne de bern op in oar plak sjen. De doarren gean iepen om 13.00 oere en de middei duorret fan 13.30 oant 17.00 oere. De yntree is 6 euro.

Theatergroep Warber spilet ‘De Gouden Bal’. De Gouden Bal nimt dy mei op in magyske ûntdekkingstocht oer de wrâld nei bysûndere plakken en wûnderlike figueren. In byldzjend en muzikaal ferhaal mei libbene muzyk, yn de foarstelling tekene projekties, pinguins en kozakken, meitsje dizze foarstelling ta in bysûndere erfaring.

Sipke de Boer komt mei syn ynteraktive meisjongshow. De bern sille hjir fermakke wurde mei (eigenmakke) ferskes yn it Frysk, dêr’t se op dûnsje en mei sjonge kinne.

Yn gearwurking mei in saksofonist en tubaspiler lêst Paul van Dijk stikken út it boek 'Renske wol stoer wêze!' foar. De muzyk soarget sa no en dan foar in ûnderbrekking mar ek faak foar in apart effekt. Dêrnei sinjeart Paul dyn 'Renske wol stoer wêze!' boek! En Renske? Dy is der ek!

Neist de foarstellings is der ek noch fan alles te dwaan. Yn en om de Mande binne der allegear leuke dingen te dwaan, te besjen en te belibjen ! Sa kinst by it knutseljen dyn eigen ‘monster’ boekelizzer meitsje. Ek kinst dy sminke litte of efkes by de klown sjen.

Merakels is alle jierren wer ien grut bernefeest ! Dit meist net misse !


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt