Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

FNP organisearret Klimaat Top Súdwest Fryslân

Boalsert, Tongersdei 19 Jannewaris 2012, 19:45 oere
Ferline wike is bekend wurden dat partikuliere ûndernimmers omfangrike plannen hawwe om mear grutte wynmoleparken yn de provinsje te bouwen.  It Ryk soe dat inisjatyf stypje wolle. Dat giet dwers tsjin it belied fan de Provinsje Fryslân yn, dy’t allinnich molens by de ôfslútdyk en It Hearrefean konsintrearje wolle. Deputearre Konst neamde de lobby al ‘in lytse oarloch’.

Dizze kwestje is ien fan de diskusjepunten op de troch FNP Súdwest-Fryslân organisearre 1e Klimaat Top Súdwest-Fryslân mei as titel ‘Nei in Enerzjy – Neutrale Maatskippij’ op moandei 13 febrewaris jûns 8 oere yn De Groene Weide yn Boalsert.

Sprekkers binne:
- Prof. dr. ir. Pier Vellinga.
Wittenskipper en heechlearaar. Nasjonaal en Ynternasjonaal bekend as deskundige oangeande klimaatferoarings.
- Ing. Bouwe de Boer.
Enerzjy Koördinator, ûntwikkelt nije projekten foar Duorsume Enerzjy
- Dr. Fred Jansen
Foarsitter Nasjonaal Kritysk Platfoarm Wynenerzjy

Njonken de ynwenners fan Súdwest-Fryslân wurde politisy, organisaasjes en bedriuwen op it mêd fan duorsumens ek de inisjatyfnimmers fan de Lobby útnoege foar de Klimaat Top!


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt